Ofspraak oer feiliger skoalle

© Omrop Fryslân
Middelbere skoallen yn Drachten moatte noch feiliger wurde foar learlingen. Dêrfoar ûndertekenje de skoallen in oerienkomst mei ûnder oare de plysje, de gemeente Smellingerlân en it Iepenbier_Ministearje. Dêryn stean ôfspraken oer mear tafersjoch en kontrôle fan skoalregels.
De Drachtster skoallen wurkje sûnt 2001 gear yn de Veilige School. Dêryn wurde de problemen mei feiligens yn kaart brocht. De nije ôfspraak moat de situaasje noch fierder ferbetterje.