Gjin heger berop sjauffeurs

Sjauffeur Klaas Jan Bolt fan Harns
Der komt gjin heger berop tsjin de twa Fryske frachtweinsjauffeurs dy´t yn Frankryk al jierren fêstsitte foar drugssmokkel. Se komme gau frij, mar wannear is noch ûnbekend. Twa wiken lyn krigen se yn de rjochtbank yn Bordeaux fiif jier sel. Dat hawwe se al útsitten.
Klaas_Jan_Bolt fan Harns en Klaas_H. fan Warkum hawwe neffens de Franske justysje tonnen hasj ferfierd troch Europa. Mei noch tolve oaren stiene se de ôfrûne tiid foar de rjochtbank.