Berchhiem wurdt sûnenssintrum

It plan om fan ferpleech- en fersoargingshûs Berchhiem yn Burgum in multyfunksjoneel sûnenssintrum te meitsjen krijt hieltyd mear foarm.
Berchhiem wol in sintrum wurde foar minsken tusken de nul en de hûndert-en-tsien jier. Neist ferpleging en behanneling hawwe ûnder oare it konsultaasjeburo, in fysioterapeut en in toskedokter al oanjûn dat se in plakje hawwe wolle yn it nije sintrum. Ein juny is der in ynformaasjejûn foar belangstellenden.