Nij kuierpaad foar Nijhoarne

Yn Nijhoarne wurdt tiisdei in nij kuierpaad en in einekoai iepene. Dat bart tagelyk mei de start fan de kuierfjouwerdaagse fan Alde- en Nijhoarne.
It nije kuierpaad mei de namme Koaipaad rint by de Tochtsleat del en troch de Tsjongerfallei. Mei de belutsen boeren is in oerienkomst sletten oer it gebrûk en it ûnderhâld fan it kuierpaad.