Stakende boeren foar rjochter

Suvelprodusint Friesland_Foods spant in koart pleit oan tsjin de stakende boeren fan de Dutch_Dairymen_Board. De boeren blokkearje al sûnt freed it fabryk fan Friesland_Foods yn Nijkerk. Dêrtroch kin it bedriuw moandei gjin farske suvelprodukten mear leverje oan de supermerken. Sneon waarden ek fjouwer Fryske molkfabriken blokkearre.
It koart pleit tsjin de aksjefierende boeren tsjinnet moandeitemoarn foar de rjochtbank yn Haarlem.