SCO ferliest fan Die Haghe

Haadklasser SCO fan Aldeholtpea hat yn Den_Haach mei 14-13 ferlern fan Die_Haghe. Troch dit resultaat is SCO lêste wurden yn de pûl. De oare haadklasser Drachten hie sneon ek ferlern.
It gong yn Dordrecht mei 18-16 ûnderút tsjin Oranje Wyt. Dit betsjut dat SCO en Drachten op 7 en 14 juny beslissingswedstriden spylje om degradaasje foar te kommen.