Man oppakt nei achterfolging

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht nei in achterfolging op de Hertog van Saxenleane yn Frjentsjer in ynwenner fan dy stêd oppakt. De man (54) waard oardel oere dêrfoar yn Harns oanhâlden foar in kontrôle. Hy negearre de stoptekens en naaide út.
Plysjeminsken yn Frjentsjer seagen de man letter wer yn syn auto foarby riden. Nei in koarte achterfolging koene se him stilsette op de Hertog van Saxenleane. De man hie dronken en syn rydbewiis wie net jildich mear.