Frou by sydkant brêge delriden

© Omrop Fryslân
In frou út Bûtenpost is freedtejûn mei har bestelauto by de sydkant fan in brêge delriden. Dat wie by de brêge by Blauferlaat by Stynsgea. De auto kaam dêrnei yn 'e boskjes njonken de suteldyk telâne.
Neffens tsjûgen wie de 25-jierrige frou der mei in aardich gonkje oanriden kaam. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikeûs yn Drachten brocht. Har auto wie net fersekere en der siet gjin APK op.