Gjin trije fuotbal-topklassen

Der komme foarearst gjin trije topklassen yn it amateurfuotbal. Op in gearkomste fan it fuotbalbûn yn Zeist stimde in mearderheid fan de distrikten sneon tsjin de ynfiering.
It distrikt Noard wie foar it foarstel. Op de gearkomste waard wol in moasje oannaam dêr't ynstiet dat der in ûndersyk komt nei de ynfiering fan ien topklasse op sneon en ien op snein. Op wat foar termyn dy ynfierd wurde sille is net bekend.