Snelheidsoertreders op de bon

By in snelheidskontrôle yn de gemeente Wûnseradiel hat de plysje freed 400 bestjoerders op de bon slingere. Yn Wûns waarden 950 minsken kontroleard. 196 fan har rieden te hurd. De rapste gong 124 kilometer yn 'e oere, wylst er mar 80 mocht. Yn Wytmarsum waarden 620 bestjoerders kontroleard. 89 krigen in bekeuring.
Yn Skettens krigen 112 fan de 440 bestjoerders in bon. Ien bestjoerder moast it rydbewiis ynleverje, omdat er op in 80-kilometerdyk 127 ried.