SC Hearrenfean kampioen

De froulju fan de SC_Hearrenfean binne freedtejûn Frysk kampioen wurden. Yn de finale waarden de froulju fan Be_Quick_Dokkum mei 8-0 oan de kant skood.
Hearrenfean mocht eins ek net ferlieze. It team fan trainer Harry_Sinkgraven spilet sûnt in jier yn de earedivyzje foar froulju en traint fiif kear yn de wike. Be_Quick komt út yn de earste klasse en traint twa kear yn de wike.