Jeugdspiler H'fean nei Sparta

Fuotbalklub Sparta Rotterdam hat jeugdspiler Maciej Wilusz oernommen fan Sportklub Hearrenfean. De Poalske jeugdynternasjonal (19) tekenet foar twa seizoenen by de earedivyzjeploech.
Wilusz rûn yn jannewaris fan dit jier staazje by Sparta wêrnei't er in hierkontrakt foar de rest fan it seizoen krige. Hoewol't de ferdigener noch net foar it earste alvetal útkommen is, nimt Sparta him no definityf oer fan SC Hearrenfean.