Hepie en Hepie hâlde op

Hepie en Hepie: gjin betrouwen mear
It duo Hepie_en_Hepie hâldt op te bestean. Dat melde de twa sjongeressen op harren webside. Oarsaak soe in te min oan ûnderling betrouwen wêze.
Hepie_en_Hepie begûnen begjin ferline jier opnij as duo, neidat se 18 jier útelkoar west hiene. Ferline jier yn ´e simmer stie harren single ´Ons Dorp´ tolve wiken yn de top 100. De optredens dy´t foar de kommende tiid pland stean, gean wol troch. Ek komt der nije wike noch in single út. Dy hjit ´Ik geloof in jou en mij´.