Sineeske studinten yn aksje

Sineeske studinten fan de NHL hawwe woansdei op ´e nij jild ynsammele foar de slachtoffers fan de ierdbeving yn harren heitelân.
Meiwurkers en studinten kinne har namme kalligrafearje litte, origamy keapje of in kearske baarne. Ek is der om tolve oere in Sineeske lunsj dêr´t oan meidien wurde kin. Ferline wike waard op de Stenden_University ek al jild ynsammele. Doe waarden ek de deadlike slachtoffers betocht mei in minút stilte.