Aksje boeren foar molkpriis
Friesland Foods yn Nijkerk is ferrast troch de aksje fan hûnderten boeren by de yngong fan it bedriuw. De boeren, wêrûnder in 60 Fryske, protestearje tsjin it feit dat de molkpriis it lêste healjier wer bot sakke is.
Alle tagongen nei it bedriuw binne blokkearre. It is dan ek de fraach oft Friesland Foods de ien miljoen liter molke dy't yn it bedriuw is tiisdei wol kwyt kin. De boeren sille woansdei ek aksje fiere yn Fryslân troch ûnder oaren molke út te riden oer it lân.