Jild nije technyk opliedingen

© Omrop Fryslân
De fêstiging Nijlân fan skoallemienskip Piter Jelles yn Ljouwert krijt 40.000 euro fan it Landelijk Platform Bèta Techniek. It jild is bedoeld om nije technyske opliedingen te begjinnen.
Al in oantal jierren rint it tal minsken dat foar in baan yn de technyk kiest werom. De skoalle hopet dêr mei de nije opliedingen feroaring yn te bringen. It jild fan it platfoarm is bedoeld foar twa jier.