Boere-aksje tsjin molkpriis

Byld fan in eardere aksje
Hûnderten Fryske boeren fiere tiisdei aksje foar in bettere molkpriis. Op ferskate plakken yn Fryslân sammelje de boeren har, dêrnei ride se nei in noch geheime lokaasje yn it lân.
Op dy geheime lokaasje protestearje sy mei noch hûnderten oare boeren út it lân tsjin it feit dat de molkpriis it ôfrûne healjier bot sakke is. Ferline jier gie de priis noch flink omheech. Foar de boeren betsjut de lege molkpriis dat se minder jild krije foar in liter molke.