Nominaasje Windgroep Drachten

It Drachtster arzjitekteburo Windgroep is nominearre foar de BE Award of Excellence fan it Amerikaanske bedriuw Bentley. De priis wurdt útrikt oan bedriuwen dy't mei de technyske tekenprogramma's fan it bedriuw wurkje en dat sa goed mooglik dien hawwe.
Der binne yn totaal acht bedriuwen út de hiele wrâld nominearre foar de priis. Tongersdei is de útrikking. Wind is nominearre mei in tekening fan in wenning oan it wetter dy't sawol oerdei as nachts krekt echt liket.