Mear spijbelers Achtkarspelen

Famkes út de gemeente Achtkarspelen spijbelje hieltyd faker fan skoalle. Dat docht bliken út it learplichtferslach fan it skoaljier 2006-2007. Yn dy perioade wiene der 90 spijbelers en betide skoalferlitters. It skoaljier dêrfoar wiene dat der noch 78.
De spijbelers komme foar in grut part út Koatstertille, Surhústerfean, Bûtenpost en fan De Harkema.