Auto's iepenbrutsen yn Makkum

Twa jonge Makkumers fan 15 en 16 jier binne sneontenacht yn har wenplak oanholden troch de plysje. In tsjûge melde by de plysje dat twa jonges op de Klipperstrjitte besochten auto's iepen te brekken.
De plysje stelde fuortdaliks in sykaksje yn en trof de twa jonges oan op de Lieuwkemastrjitte. Se waarden oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. De jonges bekenden dat se op syk wiene nei in iepen auto om yn te joyriden.