Stellerij út wenning Drachten

De plysje docht ûndersyk nei de stellerij út in wenning oan it Van Knobelsdorffplein yn Drachten. Sneontemiddei waard by de bewenster (87) oanbelle troch in frou dy't sei dat se fan de thússoarch wie.
Fiif minuten dêrfoar hie de bewenster in telefoantsje hân fan in man dy't ek sei dat er fan de thússoarch wie en dat der ien delkomme soe foar in petear. Nei't de frou wer fuort wie, ûntduts de bewenster dat se jild en sieraden miste.