Lieuwe Westra 2e yn tiidrit

Bêste tiidrit Lieuwe Westra
Lieuwe_Westra fan Mûnein ried freedtejûn yn Gendringen in poerbêste tiidrit yn Olympia´s Tour. Nei 18,3 kilometer wie der mar ien man better: Lars_Boom, de wrâldkampioen tiidriden by de beloften.
Yn it algemien klassemint hat Boom de oranje liederstrui wer te pakken. Lieuwe Westra stiet no twadde op 40 sekonden. Olympia´s_Tour duorret noch oant en mei snein. Op de lêste dei stiet de keninginnerit oer 193 kilometer yn Limburch op it programma.