B&W hâlde fêst oan Poortje

De gemeente Hearrenfean set troch mei de plannen foar jeugdfinzenis Het Poortje. It kolleezje hâldt foarearst fêst oan de lokaasje by it NS-stasjon.
Dat kaam tongersdei út it oerlis dat hâlden waard nei it foarstel fan de PvdA om in oare lokaasje foar Het Poortje te sykjen. Tsjin de lokaasje by it stasjon wie troch omwenners beswier makke. De oare kolleezjepartijen ha fernuvere en mei argewaasje reagearre op it nije stânpunt fan de PvdA.