Sineeske slachtoffers betocht

Op de Stenden University yn Ljouwert binne tongersdei de slachtoffers fan de ierdbeving yn Sina betocht. Om kertier foar tolven wie it in minút lang stil op de skoalle.
Sineeske learlingen fan de skoalle hellen de hiele moarn al jild op om te donearjen oan helpynstânsjes. Dêrneist hingje de flaggen foar de skoalle de hiele dei healstôk. Op de Stenden University sitte sa'n 70 Sineeske learlingen.