Miljeukontrôle frachtweinen

© Omrop Fryslân
By in grutte miljeukontrôle op de A7 by Terwispel hawwe mear as 70 frachtweinsjauffeurs woansdei in boete krigen. De measte boetes giene nei sjauffeurs dy´t ûnfolsleine of ferkearde formulieren by har hiene.
Fierder wiene der sjauffeurs dy´t net genôch rêst nommen hiene, tefolle fracht meinamen of in frachtwein hiene dy´t net de goede ôfmjittings hie. Ek hiene 17 sjauffeurs it Eurofinjet net by har, wylst dat ferplichte is. De plysje kontrolearre 160 frachtweinen.