AH-supermerk nei râne Drachten

© Omrop Fryslân
De Albert_Heijn-supermerk yn Drachten sil tydlik ferpleatst wurde fan it Raadhuisplein nei de Martin Luther King-bûlevaar. Dat hat de gemeente woansdei bekendmakke. It eardere plan om de Albert_Heijn in plak te jaan yn it Thalenpark is dêrmei fan de baan.
De supermerk moat tydlik ferhúzje omdat it Raadhúsplein de kommende tiid oanpakt wurde sil. Omwenners fan it Thalenpark hiene ek massaal protestearre tsjin de mooglike komst fan de supermerk yn it park.