Aaien ferpleatse foar merke

Twa fan ´e spegelaaien op it Saailân yn Ljouwert moatte ferpleatst wurde om romte te jaan oan de merke. Keunstner Henk_Hofstra soe twa fan ´e aaien ferkeard pleatst hawwe. De freedsmerk en de merke dy´t der no oan sit te kommen, hawwe der te folle lêst fan.
By de botsauto´s kin sels de feilichheidsrâne net om de attraksje delset wurde omdat ien fan ´e reuseftige djerren yn it paad leit. Der is noch gjin reaksje fan de gemeente Ljouwert op it nije probleem.