Toprugby yn Drachten

It frouljusrugbyteam fan Ingelân hat yn Drachten de finale helle fan it Europeesk Kampioenskip. Ingelân wûn tiisdeitejûn mei 22-11 yn de heale finale fan Ierlân. De finale wurdt spile yn Amsterdam. Ingelân spilet dan tsjin de froulju fan Wales.
De oare wedstriid yn Drachten wie tusken Sweden en Spanje. Spanje wûn dy wedstriid mei 20-0.