Pete Miller nije coach Aris

© Omrop Fryslân
Basketbalclub Aris Friesland yn Ljouwert hat in nije coach fûn. It giet om de 56-jierrige Amerikaan Richard 'Pete' Miller. Hy tekent in kontrakt foar trije jier.
Miller is no coach by de Dútske topclub Baskets Bonn. Aris moast in nije coach en trainer hawwe, omdat de Belch Tony van den Bosch fuortgien is. Under syn lieding slagge Aris der net yn om de play-offs te heljen. Pete Miller wie al langer yn byld by Aris.