Twadde fertochte brân Boelens

De brân yn Haulerwyk soarge foar miljoenen oan skea
Foar de miljoenebrân by Boelens yn Haulerwyk is in twadde fertochte oppakt. It soe gean de 50-jierrige frou fan de direkteur fan it bedriuw. Se wurdt derfan fertocht de brân by it bedriuw yn trekker- en lânboumasines oanstutsen te hawwen tegearre mei in man (54) út Haulerwyk.
De man waard fuortendaliks nei de brân op 21 april oanhâlden en sit noch hieltyd fêst. Hy soe it net hawwe kinne dat de direkteur in relaasje hawwe soe mei syn frou.