KI-meiwurker is wer thús

De KI-meiwurker dy't moandei op in pleats yn Sint Nyk de omkommen boer en syn meiwurker fûn, is wer thús. De man waard foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. Dêr die bliken dat de man gjin fysike problemen oan it ûngelok oerhâlden hat.
De man kaam op ôfspraak op de pleats yn Sint Nyk, dêr't er de boer (61) en syn skoansoan (33) dea oantrof. Dy wienen om it libben kaam, nei alle gedachten troch giftige stoffen dy't frijkaam wiene by it mingen fan jarre.