Fytser slein yn Drachten

In 26-jierrige man út Drachten is sneontenacht oppakt foar mishanneling. De man hearde by in groepke fan trije mannen dat op in fytspaad stie. In 19- jierrige Drachtster fytste by de trije mannen lâns en frege oft er foarby fytse mocht.
By it foarby fytsen waard it slachtoffer ûnferwachte slein troch de 26-jierige. In plysjeman seach it trelit en pakte de dieder fuortdalik op. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten.