Famkes stekke bannen lek

De plysje fan It Hearenfean hat sneontejun fjouwer famkes fan tusken de 13 en 15 jier oanholden foar fernielings. In tsjûge seach hoe't de famkes fytsbannen lek stutsen.
Yn de buert fan it ABC-Kompleks binne fan ferskate fytsen de bannen lek stutsen. Dupearren kinne har melde by de plysje. De famkes mochten nei ferhoar op it plysjeburo wer nei hûs. Se hawwe proses-ferbaal krigen.