Mishanneling yn Boalsert

De plysje hat sneontenacht yn in hoarekasaak oan de Stoombootkade yn Boalsert in 45-jierrige man út dy stêd oanholden foar mishanneling. In 20- jierrige Boalserter seach dat in maat út de hoarekasaak set waard. Hy gie nei him ta om de boel del te bêdzjen.
De 45-jierrige sloech de jonge lykwols mei in planke. It slachtoffer rekke ferwûne oan 'e holle en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De fertochte mocht nei ferhoar op it plysjeburo wer nei hûs. Hy hat proses-ferbaal krigen.