Griene wike yn Kollumerlân

Yn de gemeente Kollumerlân begjint moandei de griene wike. Dêrby stiet alles yn it teken fan duorsumheid. De wike set út ein mei de iepening fan twa enerzjyneutrale wenningen yn Kollum. Minister Cramer fan Vrom sil dat dwaan. Ek Wubbo Ockels is der by.
Fierder is der in sympoasium oer enerzjyneutraal bouwe. Op sneon is der in griene merk. Bedriuwen en organisaasjes jouwe dan allegear ynformaasje oer enerzjybesparring.