Skoal-stazjêr skorst

It iepenbier ûnderwiis fan Weststellingwerf hat earder dizze wike in stazjêr (18) skorst. Dy rûn staazje by de iepenbiere basisskoalle Súd yn Wolvegea en wurdt derfan fertocht dat er by in famke út groep 8 ûnseedlike hannelings dien hat. Dat soe bûten skoalle plakfûn hawwe.
De direkteur fan de skoalle is dêr woansdei mei konfronteard en hat de man fuortendalik skorst. Alders en learlingen binne mei in nijsbrief op de hichte brocht.