Jobbegea: 17 jongeren oppakt

17 Jongeren oppakt foar ûnder oare drugshannel
De plysje hat 17 jongeren fan 15 oant en mei 21 jier út Jobbegea oppakt foar ûnder oare drugshannel en fernielerij. De plysje hie in soad klachten krigen oer oerlêst fan hingjongeren, drugsgebrûk en fernielings yn it sintrum fan Jobbegea.
It waard de plysje dúdlik dat sûnt de simmer fan 2007 jier 4 mearderjierrige Jobbegasters harddrugs ferkeapje oan hingjongeren. Twa fan har hawwe oant 8 maaie yn foararrest sitte. Sy sitte no yn in ôfkicksintrum.