75 kear by Alve stêden del

Lolke Otter (74)út Abbegeasterketting is tongersdei yn it sintsje set omdat er dit jier foar de 75ste kear meidien hat oan de âlvestêdetocht. 25 kear rûn hy de tocht en 50 kear die hy mei op syn fyts.
Doarpsgenoaten beleannen dizze prestaasjes mei in feestlike resepsje. Lolke Otter krige foar it 75-jierige jubileum in spesjaal oantinken fan Boargemaster Reitsma fan Wimbrytseradiel.