Brânwacht nei Alpe d´Huez

leden fan de brânwacht beklimme dizze simmer de Alpe d´Huez
Sân leden fan de brânwacht Ljouwert beklimme dizze simmer de Alpe d´Huez yn Frankryk. De fytsers besykje sa jild byelkoar te bringen foar de Nederlandse_Brandwonden_Stichting. De brânwacht Ljouwert betellet de reis- en ferbliuwskosten, sadat de folsleine opbringst nei it goede doel giet.
De brânwacht Ljouwert is al langer dwaande jild byelkoar te bringen foar de Brandwondenstichting. De teller stiet op 4.000 euro, dat moat 10.000 euro wurde.