Moaie neibetelling feehâlders

Boeren dy´t oansletten binne by Friesland_Foods, krije noch flink wat jild fan it suvelkonsern oer 2007. Friesland Foods hat woansdei de molkpriis oer 2007 fêststeld. Oer eltse 100 kilo molke krije de boeren der noch 2 euro by. Dat is boppeop it foarskot fan 35 euro dat se al krigen ha.
De molkpriis gie ein ferline jier flink omheech. Dat is ek werom te sjen yn de priis dy´t no fêststeld is. Dy leit 7 euro oer 100 kilo heger as ferline jier.