Goaiïngaryp hâldt basisskoalle

Goaiïngaryp hâldt basisskoalle
De iepenbiere basisskoalle yn Goaiïngaryp kin iepen bliuwe. De gemeente Skarsterlân wol 2 ton útlûke om de skoalle de kommende fjouwer jier iepen hâlde te kinnen. Offisjeel moat de skoalle op 1 augustus ticht.
De skoalle hat al twa jier achterelkoar te min learlingen. Skarsterlân wol net dat de skoalle tichtgiet, omdat der oer in pear jier wol genôch learlingen binne. De gemeenteried moat noch grien ljocht jaan foar de ekstra stipe.