Hynders Lootsma wer bûtendyks

Der rinne no al wer hynders fan boer Piet_Lootsma yn it Noarderleech by Marrum. Lootsma lit syn fee weidzje op grûn fan Pieter_Bouma dy´t 300 bunder bûtendyks lân fan It_Fryske_Gea pachtet. Lootsma en Bouma hawwe dêroer in oerienkomst sletten.
It_Fryske_Gea is net wiis mei de konstruksje omt de natoerorganisaasje fan Lootsma ôf woe. It kontrakt mei Lootsma wie opsein omdat de boer neffens it Gea net op ´e tiid syn hynders fan it Noarderleech helle.