Iepenloftswimbad Ljouwert kin

De bou fan in iepenloft swimbad yn Ljouwert kin finansjeel út, mar net as it boud wurdt neist it besteande swimbad De Blauwe Golf. Dat docht bliken út ûndersyk fan de gemeente.
By de Blauwe Golf is mar romte foar in bad dat jierliks 60.000 swimmers ûntfange kin. Ut it ûndersyk blykt dat in nij bad jierliks 80.000 swimmers ûntfange moat om finansjeel út te kinne. Wêr krekt sa'n nije swimfoarsjenning komme moat sil de gemeente no fierder ûndersykje.