Ungelok mei scootmobyl

In 71-jierrige man út Harns is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Westerseedyk. De man ried mei syn scootmobyl oer de seedyk. Doe't er keare woe, skeakele er ferkeard wêrtroch er mei syn foertúch omfoel.
Hy is mei pineklachten oan de heup oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. De scootmobyl is troch de plysje ôflevere by syn wenning.