Hynders út it wetter helle

De brânwacht hat sneon fjouwer hynders út in feart by Mantgum helle. De hynders wiene nei alle gedachten it wetter yn gong om ferkuolling te sykjen, mar koene der net wer útkomme.
Mei help fan in trekker en dûkers koene de bisten wer op it droege set wurde. Se hawwe oan it avontoer neat oerhâlden. Fjouwer oare hynders dy't ek it wetter yn gong wiene, koene sels wol op 'e kant komme.