Brêge net ticht: gjin treinen

Der hawwe sneontemiddei trije oeren lang gjin treinen riden tusken Drylts en Starum. Oarsaak wie in stikkene spoarbrêge oer it Klifrak. Dy woe net mear goed ticht neidat er iepen gien wie foar in skip.
De steuring begûn om healwei fjouweren, om healwei sânen wie it probleem ferholpen. Yn de tuskentiid waarden treinreizgers tusken Drylts en Starum mei bussen ferfierd.