ONS spilet lyk tsjin ACV

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser ONS Snits hat yn Assen mei 3-3 lyk spile tsjin ACV. Troch doelpunten yn de earste helte fan Albert Jan van Zwol, Tony_Alberda en Chalong_de_Bruin stie ONS mei it skoft mei 3-1 foar. Yn de twadde helte gong it mis mei de Snitsers. Tarek_Hashemi waard fan it fjild stjoerd en ACV makke noch twa doelpunten.
ONS einige op it tredde plak yn de kompetysje en waard ek winner fan de tredde perioade. Takom seizoen mei ONS meidwaan oan it grutte bekertoernoai.