Hamburger net yn roeifinale

It is Sjoerd Hamburger by de wrâldbekerwedstriden roeien yn München net slagge de finale te berikken. De skiffeur út Aldeberkeap waard yn de heale finale tredde achter de Dútske Marcel Hacker en de Tsjech Ondrej Synek.
Om foarmbehâld foar de Olympyske Spelen sjen te litten, hat Hamburger snein noch in kâns. Hy moat dan by de bêste twa einigje yn de B-finale.