Muzyk op Griene Stjerfestival
Yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert is freed in grut muzykfestival begûn dat trije dagen duorret. It wurdt foar it earst hâlden. De organisaasje hopet alle trije jûnen in oar publyk te lûken. Freed wie foar de jongerein mei optredens fan Mink en Ilanois.
Sneon is it foar de âldere jongeren mei optredens fan tributebands, lykas it Pink Floyd-projekt en Queenmania. Snein stiet it Nederlânske liet sintraal mei Jeroen van der Boom, Tjeerd en Henk Wijngaard.