Oppasse mei fjoer yn bosk

Der wurdt noch gjin smookferbod ôfkundige foar de Fryske bosken. Yn Oerisel meie gjin brantsjes mear stookt wurde yn it bûtengebiet. Op de Feluwe wurdt ekstra tafersjoch hâlden en yn Utert hat de brânwacht spesjale boskbrânblusweinen klear stean.
Yn Fryslân is de bosk noch net sa drok dat ekstra maatregels nedich binne. Wol wurdt de sitewaasje yn de gaten hâlden. Der mei gjin fjoer makke wurde yn iepen fjild. Fanwegen brângefaar troch de droechte is dat net tastien.